Westra wol wer oanfalle

Lieuwe Westra (argyffoto: awfoto.nl)
Hurdfytser Lieuwe Westra hat fertrouwen yn de lêste wike fan syn earste Ronde fan Frankryk. Hy hat hieltyd minder lêst fan de blessuere oan syn rjochterknibbel. Westra koe yn de Pyreneeën net op de trapers stean. Hy moast him beheine ta it útriden fan de etappes.
Nei de rêstdei fan moandei wurdt it wer tiid foar de oanfal en op de foarlêste dei in tiidrit oer 41 kilometer. Dat is in spesjaliteit fan de 28-jierrige ynwenner fan De Tynje.