Hoogerland nei Surhústerfean

17 jul 2011 - 21:39

Tourheld Johnny Hoogerland docht op tiisdei 2 augustus mei oan de 30e Profronde fan Surhústerfean. Dat hat de organisaasje bekend makke.

Hoogerland foel ferline wike snein yn it stikeltried doe't hy en kollega Flecha yn de kopgroep fan de 9e etappe oanriden waarden troch in auto. De hurdfytser fan Vacansoleil mocht dêrnei noch wol de boltsjetrui ophelje. Neist Hoogerland is ek de dielname fan Pieter Weening en Lieuwe Westra wis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)