Plannen foar Sintrale As

Bewenners fan seis doarpen ha plannen makke foarútrinnend op de Sintrale As. Sa moat de trochgeande dyk yn Hurdegaryp plakmeitsje foar in steatige leane. Damwâld, De Falom, Feanwâlden, Hurdegaryp, Burgum en Garyp makken de plannen mei yngenieursburo Oranjewoud.
As de Sintrale As oanlein is, kin de trochgeande dyk troch de doarpen oanpakt wurde. As alle plannen trochgeane, dan kostet dat per gemeente 15 miljoen euro.