Trio De Groot wint Rengersdei

17 jul 2011 - 17:18

De Rengersdei keatspartij yn Ljouwert is snein wûn troch it frije formaasjepartoer fan Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma. Se wiene yn de finale mei 5-3 en 6-4 te sterk foar Gert-Anne van der Bos-en-dy. De finale starte lykop, mar letter wiene der opslachmissers foar Daniël Iseger en Van der Bos. Renze Pieter Hiemstra is útroppen ta kening.

It earste klaspartoer fan Pieter Bakker, Sjoerd de Jong en Tjibbe Hansma pakte de lytse preemje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)