Rydbewiis ynleverje

17 jul 2011 - 13:53

Fjouwer minsken moasten sneontenacht it rydbewiis ynleverje by ferskate alkoholkontrôles. In frou (20) út Grins waard yn Drachten kontrolearre. Yn Ljouwert rûnen in Ljouwerter (44), in automobilist (28) út Hurdegaryp en in bestjoerster (19) tsjin de lampe.

Neist it ynleverjen fan it rydbewiis krigen se ek in bekeuring en rydferbod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)