Balstjurrige jonge yn Drachten

17 jul 2011 - 13:41

In jonge (18) út it Grinzer Leek is sneontenacht yn Drachten oanhâlden. Hy trape sûnder oanlieding tsjin in plysjewein oan de Súdkade. Doe't de plysje de jonge oanhâlde woe, waard har dat dreech makke troch in groep fan 20 jongeren.

Mei help fan portiers slagge it úteinlik om him yn de plysjewein te krijen. De jonge fersette him fûl. Op it buro is er heard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)