In man (21) út Sumar is sneontejûn oanhâlden yn Burgum. Hy wie yn in sporthal en die ferfelend. Hy wegere fuort te gean nei't guon meiwurkers him dat fregen. De fertochte is oanhâlden en hat in proses ferbaal krigen.