Brutsen noas en mislediging

17 jul 2011 - 13:30

In man (41) fan It Hearrenfean dy't sneontenacht ferwûne rekke troch in fjochtpartij, is yn it sikehûs oanhâlden. Dat die de plysje om't er ferfelend die. De man wie yn de Crackstrjitte op It Fean mishannele troch in man (36) út Terwispel. Hy bruts dêrby syn noas. Yn it sikehûs misledige er it ferplegend personiel en fernielde er in jiskepanne.

Doe't de plysje him meinimme woe, kaam ek de man út Terwispel it sikehûs yn rinnen. Beide mannen ha in boete krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)