Fytstunnels yn N359 klear

17 jul 2011 - 12:24

Súdwest Fryslân wol mei faasje wurkje oan in paad tusken de buorskippen Rytseterp en Jouswier. Dat sei wethâlder Gea Akkerman by de iepening fan trije fytstunnels yn de N359 by Parregea en Tsjerkwert. Oer dy autodyk ride alle dagen sa'n 9000 auto's.

De doarpsbelangen ha sûnt de santiger jierren al frege om feilige oerstekplakken. De úteinlike bou hat oardel jier duorre en 5,6 miljoen koste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)