Wagenaar sterkste fan Nederlân

16 jul 2011 - 19:18

Jan Wagenaar fan Skearnegoutum is sneon mei oermacht de Sterkste Man fan Nederlân wurden. Yn Surhústerfean liet hy Richard van der Linden en Alex Moonen mei grut ferskil achter him. Wagenaar is nei Tjalling van den Bosch en Wout Zijlstra de tredde Fries dy't dizze titel behelle hat.

Jitse Kramer fan Ljouwert einige as sechsde, Kelvin de Ruiter fan Surhústerfean waard achtste en Johan Langhorst fan Snits einige as tsiende yn it fjild fan tolve dielnimmers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)