Trio Van der Bos wint Makkum

It winnende partoer (argyffoto: Henk Bootsma)
Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hawwe sneon yn Makkum de haadklasse frije formaasjepartij wûn. Yn de finale wiene se mei 5-3 en 6-0 te sterk foar Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra. Utblinker Gert-Anne van der Bos waard ta kening fan de partij keazen.
Yn de heale finale sneuvele it partoer Tolsma tsjin de lettere winners en it trio Jan Dirk de Groot wie de mindere fan Martijn Olijnsma en syn maten.