Fierste hurd en drank op

16 jul 2011 - 14:52

Op de Oeriselsestrjitwei by Ljouwert is freedtenacht in automobilist oanhâlden dy't mear as hûndert kilometer te hurd ried. De 49-jierrige Terhernster bliek ek noch tefolle dronken te hawwen. Plysjeminsken mei in lasergun klokten in snelheid fan 185 kilometer yn de oere, dêr't 80 tastien is.

De man hat syn auto en rydbewiis ynleverje moatten. Der is proses-ferbaal opmakke en de man hat in rydferbod fan 3 oeren oplein krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)