Fiskstreupers oppakt
Twa manlju fan 50 en 76 jier út Frjentsjer binne oanhâlden op fertinking fan fiskstreuperij. Se hiene tsien fûken útset yn in tochtfeart oan de Getswerderwei.
In plysjeman hie dy ein juny yn syn frije tyd ûntdutsen, wêrnei't de plysje in ûndersyk begûn. De fûken binne yn beslach naam.