Wer útstel rjochtsaak-Ooms

16 jul 2011 - 12:22
  • Marinus Ooms waard yn 2006 fermoarde

De behanneling fan de rjochtsaak-Ooms is op 'e nij útsteld. De haadfertochte hat ynstimd mei ûndersyk yn it Pieter Baansintrum. Fanwege lange wachtlisten dêr sil dy behanneling op syn gaust ein oktober plakfine. Dat betsjut dat de rjochtsaak foar heal febrewaris 2012 plend stiet.

Krekt as koartlyn sil de sitting trije dagen duorje. Marinus Ooms waard yn 2006 yn syn hûs yn Haulerwyk fermoarde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)