Minsken rêden fan sinkend skip

Op de Iselmar binne sneontemoarn twa minsken fan in sinkend boatsje helle. De kapitein fan de fearboat tusken Starum en Enkhuzen seach midden op de mar dat it skipke yn 'e problemen wie. Troch in skuor yn de romp makke it 5 meter lange skipke in soad wetter.
De rêdingboaten fan Enkhuzen en Hylpen binne warskôge. De opfarrenden binne troch it sjarterskip Hollandia oan board naam, sy meitsje it goed. It skipke is nei Starum brocht.