Swannen nei Fûgelpits
Meiwurkers fan de Fûgelpits binne ôfreizge nei Amsterdam. Yn in haven dêr binne dik 80 knobbelswannen it slachtoffer wurden fan in dikke laach oalje, dy't dêr driuwt.
De 200 liter stookoalje leit der sûnt woansdeitejûn. Gaatske Wiersma is mei har man en sus nei Amsterdam. Yn de rin fan dit wykein bringe se de swannen oer nei De Fûgelpits yn Moddergat.