Needstjoerder op Spannenburch

16 jul 2011 - 10:58
  • Spannenburch is needstjoerder
  • It omskeakeljen fan de stjoerder yn Jirnsum

Op de toer fan Spannenburch binne needstjoerders pleatst om te soargjen dat de lanlike publike stjoerders yn it Noarden wer te ûntfangen binne. Troch brân freed yn de mêsten fan Smilde en Lopik foelen de radiostjoerders út. Nei de brân stoarte de mêst fan Smilde yn.

Troch de needstjoerder op Spannenburch is de publike radio hast oeral yn it noarden wer te beharkjen. Veronica en Sky Radio wurde tiidlik fia de mêst fan Jirnsum útstjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)