Fryslân wol World Sport Games

16 jul 2011 - 09:12

Fryslân stelt him offisjeel kandidaat foar de World Sport for All Games yn 2016. Dat is in fjouwerjierliks evenemint dêr't tûzenen sporters en begelieders út de hiele wrâld oan meidogge.

It biedt in poadium oan demonstraasje en tradisjonele sporten, lykas it fierljeppen hjir by ús. Ut in helberheidsstúdzje hat bliken dien dat Fryslân poergeskikt is om it grutte sportevenemint te organisearjen. Yn novimber wurdt it evenemint tawiisd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)