Fryske Cash yn Album top 100

It album fan it Fryske Cash-projekt is dizze wike op 20 binnenkaam yn de Album top 100. It album kaam ferline wike offisjeel út op CD en LP. Goed tweintich artysten en bands ha bekende en minder bekende nûmers fan de legendaryske Amerikaanske sjonger Johnny Cash opnaam. Dan giet it bygelyks om Monstertux, Anneke Douma, Rients Gratama en Highway 54.
De nûmers fan Johnny Cash binne oerset troch minsken fan de Afûk, skriuwers, dichters en leararen Frysk.