Cambuur lykspul tsjin Heracles

Martijn Barto suksesfol foar Cambuur
Sportklup Cambuur hat freedtemiddei mei 2-2 lyk spile tsjin earedivisjonist Heracles út Almelo. De einstân stie al by it skoft op it boerd. Heracles begûn goed oan de wedstryd en stie al gau op 2-0. Mar de Ljouwerters kamen sterk werom. Beide doelpunten fan Cambuur kamen op namme fan Martijn Barto, de nije spits dy't ferline seizoen noch útkaam foar Harkemase Boys.
De wedstryd waard spile yn it Dútske plak Billerbeck.