TVmêst Hoogersmilde ôfbrutsen

15 jul 2011 - 15:54
  • De toer is nei de brân ôfbrutsen (foto Hayo Bootsma)
  • (foto Hayo Bootsma)

De televyzjemêst yn Hoogersmilde is ôfbrutsen. Der is freedtemiddei brân yn de hast 300 meter hege toer útbrutsen. Dat betsjutte dat guon radiostjoerders as radio 1, 2, 3 en 4, BNR, Sky Radio, QMusic, Slam FM en Veronica út de loft wiene. Ek guon tv-stjoerders geane oer de markante toer.

Ferskate brânwachtkorpsen út Fryslân en Drinte wiene dwaande de brân te blussen. Fan de toer is no noch in stompe fan 75 meter oer. It ôfbrutsen part foel yn de greide om de toer hinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)