Alvestêden op ponny slagge
Ymkje de Vries fan Nijhoarne hat freed mei har ponny Nikki de lêste meters ôflein fan in reis by de alve stêden del.
Ymkje (13) hat jild ynsammele foar har reis nei Amearika. Dêr mei se yn septimber in wike meifarre op in neiboud VOC-skip. Se moat dy reis wol sels betelje. Har alvestêdetocht hat se sponsorje litten.