Jacobs adviseur by tv-searje

Marc Jacobs doe't er noch by de plysje wurke
Ald-plysjekommissaris en skriuwer Marc Jacobs is troch Endemol frege as adviseur. Hy helpt by de scripts fan de nije plysjesearje 'Moordvrouw'. Dy searje mei Wendy van Dijk yn de haadrol spilet him ôf yn Fryslân. Dat is it eardere wurkterrein fan Jacobs doe't er plysjekommissaris wie.
Jacobs moat besjen oft de skriuwers it wurk fan de plysje goed beskreaun ha. Jacobs hat de earste fiif scripts besjoen. Hy hopet ek by de opnames te wêzen, mar dat is him noch net frege.