Doutzen Kroes wol mear spylje

15 jul 2011 - 12:41

Doutzen Kroes hat de smaak fan it aktearjen te pakken. It topmodel fan Eastermar spilet yn de Nederlânske film Nova Zembla. De film fertelt it ferhaal fan Willem Barentsz dy't oerwinteret op Nova Zembla.

It ferhaal spilet yn de 16e ieu en de binnenstêd fan Brugge wie tongersdei it toaniel foar de opnames. It wie de lêste draaidei foar Doutzen Kroes. Se hat sân dagen wurke. De film fan regisseur Reinout Oerlemans ferskynt as earste Nederlânse film yn 3D.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)