Skip EVT kin yn Harns oanlizze

It nije skip fan de EVT, MS Spathoek, en de oanlisbrêge yn Harns passe goed by elkoar. Dat binne de útkomsten fan testen. Op Skylge moat noch ûndersocht wurde oft it dêr ek slagget om oan te lizzen. Tongersdei sil de EVT dat útprobearje.
De EVT wol ek graach mear oanlistiid op beide plakken ha. Dêr hat in koart pleit oer west. Wurdfierder Erwin Rob had goeie hoop dat de útspraak nije wike geunstich foar de EVT wêze sil.