Bedriuwen kinne suniger

15 jul 2011 - 10:37

Bedriuwen yn Weststellingwerf kinne alle jierren tûzenen euro's besparje as se suniger omgean mei enerzjy. Dat docht bliken út in enerzjy-scan, dy't in tal bedriuwen yn de gemeente dien hat op inisjatyf fan de gemeente.

Se kinne 15 prosint besparje op brânstof. It skeelt net inkeld yn de beurs, mar is ek better foar it klimaat. Der is ek sjoen nei it brûken fan duorsume enerzjy. Nei de simmer wurdt sjoen wat de bedriuwen mei de útkomsten dwaan kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)