Steuring stopljochten Ljouwert

Der binne opnij problemen mei de ferkearsljochten yn Ljouwert. By Suderbuorren wurkje de stopljochten sûnt tongersdeitemiddei net. Foar in better oersjoch fan it ferkear hat de gemeente in tal rydbanen ôfsletten. De ljochten by Goutum bliuwe wat langer op grien foar de trochstreaming.
Ek by de spoaroergong yn de Pieter Stuyvestantweg wurkje de ljochten net goed. De gemeente ferwachtet dat op beide plakken de steuringen yn de rin fan de dei ferholpen binne.