Frjentsjerter mei neppistoal

15 jul 2011 - 09:59

Yn Frjentsjer rûn tongersdei in man mei in fjoerwapen op strjitte. Bewenners fan it Fregat bellen de plysje doe't se de man rinnen seagen. Se makken har ûngerêst oer de 60-jierrige man.

Doe't de plysje kaam, die bliken dat it om in nepwapen gong. In nepwapen is ek ferbean. De plysje hat it yn beslach nommen en tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)