Soargen Westra oer Tour

14 jul 2011 - 20:06
  • Lieuwe Westra hopet Tour út te fytsen

It is noch mar de fraach oft hurdfytster Lieuwe Westra de Tour de France wol útfytse kin. De VacanSoleil-rider fan De Tynje hat sûnt woansdei lêst fan syn rjochterknibbel, wêrtroch er in soad pine hat. De berchetappes binne foar him hast net te dwaan, om't er net stean kin.

Westra makket him soargen oer syn fierdere dielname oan de Tour de France. "By elke oare koers wie ik no ôfstapt, mar it is de Tour. Dy jouwe je net samar op", seit Westra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)