Twa ferwûnen ûngelok trekker

14 jul 2011 - 19:12

Op de Stûkenwei tusken Garyp en Warten is tongersdeitejûn in lânboutrekker omfallen. Dêrby rekken twa minsken slim ferwûne. De traumahelikopter is ynsetten om te assistearjen.

De oarsaak fan it ûngelok is noch ûnbekend. By it ûngelok wie allinnich de trekker belutsen. De plysje hat it stik fan de Stûkenwei tusken de Fônejachtbrêge en Warten ôfsletten foar ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)