Wurknimmers C1000 bliuwe

De meiwurkers fan de C1000 yn Jobbegea wurde net ûntslein. Se hawwe mei help fan it fakbûn FNV in plan makke om harren wurk te hâlden. Troch protesten fan de meiwurkers en de ynwenners fan it doarp kin de eigner fan de supermerk no net oars as dat plan yn te fieren.
De eigner woe it fêste personiel eins ferfange troch tydlike krêften, omdat dy minder djoer binne en de winkel oars net bestean bliuwe kin. It personiel kaam dêrop yn ferset.