Jeugdsoarch op 'e hichte

14 jul 2011 - 16:12

De mem fan it trijejierrich jonkje út Boalsert dat swier mishannele yn it sikehûs fan Grins leit, is bekend by de jeugdsoarch Haaglanden. It gesin komt út Den Haach en wennet noch mar in pear wiken yn Boalsert.

Jeugdsoarch Haaglanden hat wolris in melding krigen oer dat der wat by de famylje oan de hân wie. De helpynstânsje besiket no yn gearwurking mei jeugdsoarch Fryslân fia de rjochter it foech oer it jonkje te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)