Theo Pijper sechde yn Frankryk

14 jul 2011 - 10:19

Gersbaanracer Theo Pijper is woansdei by de grutte priis op de langbaan yn it Frânske Marmande as sechde einige yn de finale. Pijper pleatse him ek as sechde foar de finale. En dat plak koe hy yn de finale net oertreffe. De oerwinning gong nei de Dútser Martin Smolinski.

It wie de twadde kear dit seizoen dat Pijper in finale ried. De foarige yn Forus yn Noarwegen wist er te winnen. Op 23 july wurdt yn Grins de iennige Nederlânske grutte priis riden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)