Stadsherstel Ljouwert fallyt

14 jul 2011 - 09:53

De stifting Stadsherstel Ljouwert is fallyt. Woansdeitejûn hawwe de oandielhâlders besletten it fallisemint oan te freegjen. De stifting, dy't him dwaande hâldt mei it opknappen fan monuminten, sit al jierren yn finansjele problemen. De gemeente Ljouwert wol der gjin jild mear yn stekke.

Der komt nei alle gedachten wol in nije Stadsherstel, mar dy organisaasje sil him foaral rjochtsje op monuminte-advys.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)