Pieter Jan Postma sakket wer

© Omrop Fryslân
Siler Pieter-Jan Postma is woansdei op it iepen Europeesk kampioenskip yn de Finn klasse wer in plakje sakke. Nei de twa races fan woansdei stiet Postma no op it fyfde plak mei 22 punten achterstân op de nûmer trije Andrew Mills.
It fiifde plak is goed genôch om him te pleatsen foar de finale dy't tongersdei syld wurdt by Helsinki. Mar Postma hat gjin kâns mear op in medalje. Yn de finale komme de bêste tsien silers fan it klassemint yn aksje.