Klaaiboksen Aldeboarn útbaarnd

13 jul 2011 - 18:08

Twa fan de fjouwer klaaiboksen fan de fuotbalklup fan Aldeboarn binne woansdeitemiddei útbaarnd. Goed healwei trijen waard de brânwacht oproppen. De korpsen fan Grou en Akkrum rukten út en hawwe de brân blust.

De klaaiboksen steane los fan de kantine. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend en ek net oer de omfang van de skea. De plysje hat it terein ôfsetten foar spoare-ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)