Hûnetraining foar amtners

13 jul 2011 - 16:45

Woansdei wie in spesjale trainingsdei foar Ljouwerter opspoaringsamtners. Op 'e kursus moatte se leare om te gean mei agressive hûnen en harren baaskes. De amtners komme yn 'e praktyk gauris in lulke hûn tsjin, as se kontrolearje op bygelyks it oprêden fan hûnestront.

Dêrom krigen sa'n 20 amtners in spesjale training. De kursus bestiet út it neispyljen fan bepaalde sitewaasjes mei dêrby in advys wat je dan it bêste dwaan kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)