'Frysk op skoalle kin better'

13 jul 2011 - 15:54
  • Fryske les yn Koudum; it kin better neffens ûnderwiiskoepel Nije Gaast

It gebrûk fan it Frysk troch learkrêften op basisskoallen moat en kin better, sa fine se yn de Súdwesthoeke. Dêrom moatte de dosinten testen meitsje. De earste resultaten binne wikseljend, want mear as de helte fan de kandidaten is sakke. De kandidaten dy't sakke binne moatte no ferplichte op in ferfolchkursus.

Underwiiskoepel Nije Gaast fynt dat, as it heal kin, alle learkrêften it foech Frysk hawwe moatte soene. Dan kin mear en better Frysk jûn wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)