Fûgelhelling sil útwreidzje

De Fûgelhelling wurdt grutter
Fûgelopfangsintrum De Fûgelhelling yn Oerterp wreidet út. It krijt der in ekstra romte by dy't brûkt wurde kin as eksposysje- en presentaasjerûmte. De Fûgelhelling hat wol sealromte, mar hat ferlet fan mear, omdat der in soad oanfragen foar groepsekskursjes en lessen foar skoalbern komme.
De provinsje betellet it grutste part fan de útwreiding, mar der binne ek fûnsen dy't jild jouwe. Fierder is de gemeente Opsterlân en ek Smellingerlân om in bydrage frege.