Undersyk nei transaksjes Eagum

Der wurdt fierder ûndersyk dien nei grûntransaksjes yn Boarnsterhim. In ferkennend ûndersyk jout genôch oanlieding om de saak fierder út te sykjen. Ek de rol fan de eardere wethâlder Jenny Bouma wurdt tsjin it ljocht hâlden. Sy soe in persoanlik belang hân hawwe by de bou fan trije huzen yn Eagum.
Boarnsterhim lûkt 15.000 euro út foar it ûndersyk, dat foar de ein fan dit jier klear wêze moat.