Krityk AB-Fryslân op Kamp

13 jul 2011 - 12:34

De direksje fan AB-Fryslân is ûngelokkich mei de útspraken fan minister Kamp fan sosjale saken oer it útsetten fan wurkleaze Poalen. Neffens direkteur Lammert Fopma kin dit der ta liede dat it dreger wurdt om Poalen te finen dy't yn Nederlân wurkje wolle.

AB-Fryslân hat ferline jier in goed jier draaid. De omset naam mei 7.5 persint ta yn fergeliking mei it krisisjier 2009. Fopma ferwachtet dat de groei trochsette sil en dat der faker Poalen nedich wêze sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)