Cambuur hellet Charles Dissels

Links oanfaller Charles Dissels (foto: www.dijksfotografie.nl)
Sportklup Cambuur hat de 26-jierrige Charles Dissels foar ien jier ûnder kontrakt naam. Dissels spile oant no ta yn totaal 169 wedstriden yn it betelle fuotbal. It ôfrûne seizoen kaam hy út foar FC Volendam. Hy hat fjouwer jier ûnderfining opdien yn de earedivyzje by Sparta en Volendam.
Dissels moat noch medysk keurd wurde, mar slút tongersdei al oan by de Cambuur seleksje. Cambuur is op it stuit op oefenkamp yn Garderen.