Gjin Frysk Klassyk Festival

Der komt dizze simmer gjin Frysk Klassyk Festival op De Jouwer. Troch te min sponsorynkomsten en it útbliuwen fan subsydzjes waard earder al besletten om fan trije dagen nei ien dei te gean. No blykt dat ek dêr gjin jild foar is. It soe de tredde kear wêze dat it Klassyk Festival hâlden waard. Ferline jier wie it noch in flink súkses mei fjouwer dagen in protte publyk by de konserten.