Byb bliuwt yn Beetstersweach

Beetstersweach drige de biblioteek te ferliezen, mar kin dy no dochs behâlde as der yn it doarpshûs De Buorskip in útlienpunt makke wurdt. Dêr kinne pjutten en folwoeksenen boeken liene, op de skoallen wurdt foar de jeugd in mediateek ynrjochte.
Troch dizze goedkeapere húsfesting kin de gemeente dochs 50.000 euro besunigje op de biblioteek, sa as de bedoeling wie. Oan it plan hawwe gemeente, it biblioteekwurk en doarpsbelang meiwurke.