Skulpepaad fan Grou nei Warten

It nije fytspaad tusken Warten en Grou wurdt as skulpepaad oanlein, omdat asfalt of beton te djoer is. Omdat de gemeente Boarnsterhim ûnder finansjeel tafersjoch fan it ryk stiet, kin dy gjin jild yn it fytspaad stekke.
De provinsje stelt 1,2 miljoen euro beskikber. Asfalt of beton soe it fytspaad in miljoen djoerder meitsje. De FNP-steatefraksje fynt dat in skulpepaad yn striid is mei it provinsjaal ferkearsplan, omdat it in haadfytsrûte is. Dêr heart asfalt op.