Bou Flylân stil troch erfpacht

Minder wurk yn de bou op Flylân
De boubedriuwen op Flylân hawwe folle minder wurk op it eilân. Dat komt troch de driigjende ferheging fan de erfpacht troch grûneigner Steatsboskbehear.
De ûndernimmers hawwe minder minsken oan it wurk, omdat eigners fan fakânsjewenningen in ferbouwing leaver útstelle salang't se net witte hoe heech de erfpacht útfalle sil. Hidde Frankena, oannimmer yn Wommels en op Flylân, fynt dat de ûnwissichheid fierstente te lang duorret.