Webside foar en oer Saailân

Werinnerings oan de aaien kin men ek kwyt op de webside
Minsken dy't har belutsen fiele by It Saailân yn Ljouwert, kinne har aai de kommende twa jier kwyt op ynternet. Op www.levehetzaailand.nl is romte foar de miening fan minsken oer it grutte plein yn Ljouwert. Mar se kinne der bygelyks ek har herinneringen oer It Saailân fan froeger kwyt.
De webside is in inisjatyf fan de keunstner CP Berbée. It projekt wurdt stipe troch de gemeente Ljouwert, de provinsje, winkellju fan It Saailân en ferskate fûnsen.