Pieter-Jan Postma sakket plak

Siler Pieter-Jan Postma is tiisdei op it iepen Europeesk kampioenskip yn de Finn-klasse sakke fan it tredde nei it fjirde plak. Postma sylde op it wetter by de Finske haadstêd Helsinki yn de trije races dy't op it programma stiene nei in 18e, in 14e en in 1e plak.
Mei noch twa races op it programma hat Postma 46 punten, 18 punten achter de nûmer trije, Andrew Mills. De finale is tongersdei. Dêryn komme de bêste tsien silers fan it klassemint út.