Nije bibels út âlde bibels

12 jul 2011 - 15:45

Utjouwerij Jongbloed fan It Hearrenfean wol mooglik fan âlde bibels nije bibels meitsje. Dat dogge se tegearre mei it Nederlands Bijbelgenootschap. In kristlike organisaasje is dwaande om âlde bibels yn te sammeljen foar Suriname.

It NBG fynt dit net in goed plan. Bibels dy't net mear brûkt wurde hawwe faak in ferâlderde oersetting. De útjouwer tinkt dat se yn Suriname mear ha oan nije bibels. Se wolle sjen oft se fan âlde bibels nije meitsje kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)