Drukkabine foar sikehús Snits

12 jul 2011 - 15:10

By it Antoniussikehús yn Snits is tiisdei in drukkabine pleatst. Yn sa'n kabine wurde minsken behannele mei wûnen dy't min hielje wolle. Ek minsken mei dûkersykte kinne yn sa'n kabine behannele wurde. Yn de kabine wurdt de druk opfierd en ademje pasjinten soerstof yn. Dan makket it lichem lytse bloedfetsjes oan en hielje de wûnen better. Der kinne acht minsken tagelyk yn.

De Keninklike Marine hat meibetelle oan de drukkabine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)